PvdA tsjin topsalaris Liander

03 jul 2014 - 21:36

De steatefraksje van de Partij van de Arbeid fynt de salarissen by it nutsbedriuw Liander te heech. Mar leafst 24 meiwurkers fertsjinnen dêr it ôfrûne jier boppe de 'Balkenendenorm'. De PvdA fynt it net ferantwurde dat it lean sa heech is by in bedriuw dêr't oerheden oandielhâlder binne.

De steatefraksje hat dêrom oan deputearre Sietske Poepjes frege oft sy de topsalarissen by Liander tsjingean wol.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)