PvdA teloarsteld oer v. Olffen

31 maaie 2013 - 07:54
  • PvdA

De PvdA fan Ljouwert is tige teloarsteld oer it opstappen fan riedslid Jan van Olffen. Hy giet fuort omdat er it der net mei iens is dat hy net ferkiesber steld is troch syn partij. Jan van Olffen hat sawat 28 jier diel útmakke fan de PvdA-fraksje yn Ljouwert. Hy giet no fierder as ienmansfraksje foar de Ljouwerter gemeenteried en hy seit ek it partijlidmaatskip fan de PvdA op.

De partij fynt it spitich dat Van Olffen fuortgiet, omdat, sa't de partij yn in ferklearring seit: "Van Olffen en de PvdA, die horen bij elkaar."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)