PvdA te set oer Waadpunteplan

04 jan 2013 - 13:50
  • Lutz Jacobi

Yn Harns is de PvdA freed dwaande mei in nij 'Waadpunteplan'. It giet om in fyzje foar de kommende fjouwer jier op it Waadgebiet. It plan wurdt makke mei minsken dy't belutsen binne by it Waad, lykas de eilanners.

It nije plan sil net yngean op konkrete saken, lykas de plannen foar in sloopwerf yn Harns. It âlde plan datearret fan 2008. Neffens Lutz Jacobi binne der tal fan nije saken dêr't heechnedich in fyzje op komme moat, lykas it Waadfûns dat no net mear ûnder it ryk falt mar ûnder de oanbelangjende provinsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)