PvdA: 'Te jonge bern yn kafee'

06 feb 2001 - 17:59

De PvdA yn Smellingerlân makket him soargen oer it feit dat hieltyd jongere bern yn hoarekagelegenheden sitte. Bern fan 12 oant 14 jier wurde sels útnoege op saneamde multi-scholen-feesten.

Ien en oar strykt net mei it gemeentlike sûnensbelied, it previnsjebelied en eardere ôfspraken mei de hoareka. De PvdA-fraksje sil B en W om opheldering freegje oer dizze situaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)