PvdA: 'stop sâltwinning'

02 feb 2011 - 09:45

PvdA Fryslân ropt op om de sâltwinning stop te setten. Se dogge dat om't se tinke dat der yn de Twadde Keamer in mearderheid foar is. Dat helje se út de ferkiezingsprogramma's foar de provinsjale steaten.

De PvdA wol dat de nije konsesje foar Skingen en Slappeterp net trochgiet. De partij wol ek dat de bewiislêst by skeafergoeding feroaret. Partikulieren kinne har skea hast net fergoede krije om't se no oantoane moatte dat de skea troch sâltwinning komt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)