PvdA stimt yn mei wiziging

13 nov 2012 - 13:00
  • PvdA

Der sit foar de PvdA neat oars op ek mei it oanpaste regearakkoart yn te stimmen. Ek al komt de nivellearring fan de ynkommens yn Nederlân minder goed út de ferve. Dat seit Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de partij yn reaksje op it skrassen fan de ynkommensôfhinklike soarchpreemje. Ut de VVD wei kaam in soad krityk op dy maatregel. Yn ruil foar it skrassen fan de ynkomensôfhinklike soarchpreemje, krijt de PvdA 250 miljoen euro beskikber út it budzjet foar ynfrastruktuer.

Dat jild kin brûkt wurde om de WW in healjier langer trochrinne te litten. Foarsitter Martin Schellenberg fan de PvdA yn Fryslân is dêr bliid mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)