PvdA stelt fragen oer ynbraken

01 nov 2013 - 06:04
  • Ynbraak

PvdA Ljouwert hat skriftlik fragen steld oan it kolleezje fan b. en w. oer it it hege tal ynbraken yn de Ljouwerter Blommebuert. Yn dizze buert waard de ôfrûne trije moanne 25 kear ynbrutsen. De wyk stiet dêrmei op nûmer ien yn de top 10 fan Nederlânske wiken dêr't it faakst ynbrutsen wurdt. Goutum stiet mei 12 ynbraken op nûmer 7. Dat melde RTL Nieuws tongersdei op basis fan it nije 'Misdaad in kaart' fan de plysje.

De PvdA wol fan it kolleezje witte wat de oarsaak fan it tal ynbraken is en oft der ynset wurdt op ekstra ynbraakprevinsje.

Op de webside 'Misdaad in kaart' kinne minsken op harren postkoade sykje en it oantal ynbraken yn harren wyk besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)