PvdA stelt fragen oer beammen

20 sep 2009 - 12:46

De PvdA-fraksje yn Ljouwert stelt skriftlike fragen oer de kondysje fan de beammen op it plak dêr't earder it Bonifatiushospitaal stie. De beammen soene behâlden bliuwe nei de sloop fan it sikehûs, mar stean der no min by.

De PvdA wol wite oft dat komt troch it ofgraven en dêrnei opheegjen fan de grûn. De PvdA wol ek witte oft de beskerming fan de beammen wol goed regele wie. Mooglik moatte de maatregels feroare wurde, mei it each op kommende nijbouprojekten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)