PvdA-steateleden mei de bus

24 feb 2005 - 18:18

De PvdA-steatefraksje reizge tongersdei mei de bus troch de Fryslân. De leden woene sa besjen hoe't it mei it iepenbier ferfier is mei de nije tsjinregeling. Der soene in soad klachten wêze, mar reizgers nimme net de muoite om by de busmaatskippijen of de provinsje oan de belle te lûken.

De steateleden woene no mei eigen eagen de situaasje besjen. De konklúzjes fan de toer weagje mei yn de takomstige debatten oer it busferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)