PvdA-soargen oer besunigings

11 okt 2011 - 12:18

De PvdA-fraksje yn de Twadde Keamer makket him bot soargen oer de besunigings by Verslavingszorg Noord-Nederland. De partij tsjinnet in moasje yn oer de kwestje. By de ynstelling ferdwine 120 fan de 850 banen. Dat is it rjochtstreekse gefolch fan de besunigings dy't it kabinet trochfiere wol.

De ferslavingssoarch yn it Noarden moat dik seis miljoen euro ynleverje. Dat betsjut dat der ek festigings slute moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)