PvdA sjocht nei FNP

18 des 2006 - 12:59

De steatefraksje fan de Partij van de Arbeid sjocht foar de kommende kolleezjeperioade it meast yn gearwurking mei de FNP. De partijen ha neffens PvdA-listlûker Andriesen in soad oerienkomsten, benammen as it giet om de takomst fan Fryslân.

Andriesen nimt hjirmei ôfskied fan de hjoeddeiske koalysjepartijen CDA en VVD. Neffens de PvdA-listlûker ha dy har net hâlden oan it bestjoersakkoart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)