PvdA siket ekstern om opfolger

07 nov 2008 - 13:53
  • Klaas Zwart wol Waanders net opfolgje

De PvdA moat ekstern op syk nei in nije wethâlder foar Ljouwert. De ynterne kandidaat dy't de partij op it each hie, riedslid Klaas_Zwart, hat witte litten dat er de baan net ha wol. Zwart hie Marga_Waanders as wethâlder opfolgje moatten.

Waanders is koartlyn beneamd ta boargemaster fan Dongeradiel. It feit dat de PvdA no ekstern sykje moat, betsjut neffens fraksjefoarsitter Feitsma dat de nije wethâlder pas nei it Krystreses oan it wurk kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)