PvdA rekkenet by steateferkiezings op selde tal sitten as no

26 nov 2014 - 18:46
  • Henni van Asten en Jannewietske de Vries

De Fryske PvdA tinkt by de kommende steateferkiezings kâns te meitsjen op itselde tal sitten as no, ek al stiet de partij der yn de lanlike peilings min foar. De partij wol deselde útslach helje mei in ferkiezingsprogramma wêryn't de klam benammen leit op it oan wurk helpen fan Friezen. It doel is dat der tsientûzen nije banen bykomme. It programma foar de steateferkiezings waard woansdei presintearre.

Op de list mei kandidaten foar in sit yn de steaten, mei op nûmer ien Jannewietske de Vries, stean by de earste fjirtjin benammen minsken dy't al aardich wat politike ûnderfining ha, al sit der ek wat jong talint tusken lykas de 20-jierige Edou Hamstra út Ljouwert. Foar de wetterskipsferkiezings is steatelid Henni van Asten de listlûker.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)