PvdA: "Provinsje moat fûler tsjin gaswinning wêze"

20 apr 2016 - 17:59
  • De oanbieders fan it manifest yn Den Haag

De provinsje hie yn it manifest dat tiisdei oan de Twadde Keamer oanbean is folle fûler tsjin gaswinning yn Fryslân wêze moatten. Dat fynt de PvdA yn Provinsjale Steaten. De provinsje skriuwt mei de Fryske gemeenten yn it manifest dat gasboarrings yn de kommende jierren 'onvermijdelijk' wêze sille. Dat hie net moatten, fynt de partij. Dochs hellen twa moasjes fan de PvdA it net, om yn it iepenbier folle mear ôfstân fan gaswinning te nimmen.

Deputearre Michiel Schrier stelt dat de klam fan it manifest folle mear leit op skeafergoeding foar ynwenners as de boaiem sakket troch de gaswinning. Mei de bestjoerders fan de belutsen gemeenten wol Schrier dat it Ryk dêr jild foar beskikber stelt. Alle partijen yn Provinsjale Steaten sille partijgenoaten yn de Twadde Keamer ûnder druk sette om foar Fryslân in sa geunstich mooglik beslút te nimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)