PvdA: 'portefúlje ynleverje'

09 feb 2011 - 22:23

De PvdA Skarsterlân wol dat it kolleezje fan b. en w. deputearre Galema freget syn portefúlje oer de weryndieling yn te leverjen. Sy wolle dat Kommissaris fan de Keninginne Jorritsma dizze oernimt. Neffens de PvdA fraksje hat de deputearre der in potsje fan makke.

De partij die de oprop by in kommisjegearkomste woansdeitejûn. De oanwêzige wethâlder hat tasein kontakt op te nimmen mei syn kollega's om oer de fraach te praten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)