PvdA op de bres foar Sportwerk

12 des 2003 - 00:00

De wurknimmers mei in subsydzjebaan by de stifting Sportwerk Fryslân moatte har baan foarearst hâlde. Dat seit de PvdA yn Ljouwert. De 90 wurknimmers fan Sportwerk Fryslân krije dien fanwege de besunigingen fan it Ryk. Se binne ferbûn oan 70 sportklubs en wykferieningen yn de provinsje.

De PvdA yn Ljouwert fynt dat de gemeente in oplossing betinke moat foar de minsken dy't der wurkje. Moandei wurdt it bepraat yn de riedsgearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)