PvdA-ôfdielings yn gefaar

17 mrt 2008 - 09:22
  • Mulder: PvdA moat nije leden better fêsthâlde

De helte fan 'e Fryske ôfdielings fan 'e Partij van de Arbeid sit yn de gefaresône troch in tekoart oan leden en in grut tekoart oan jonge leden. Dat seit gewestlik foarsitter Bertus Mulder. It gewestlik bestjoer fynt dat ôfdielings op syn minst 80 leden hawwe moatte. Sechtjin fan de tritich ôfdielings helje dat net.

De PvdA hat benammen problemen om nije leden fêst te hâlden. Mulder wol byienkomsten foar nije leden belizze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)