"PvdA net yn nij kolleezje fan Deputearre Steaten"

03 apr 2015 - 10:35

De PvdA komt net yn it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Dat hawwe ferskate boarnen oan Omrop Fryslân witte litten. Grutste partij CDA sil de kommende fjouwer jier Fryslân bestjoere mei VVD, SP en FNP. CDA-ynformateur Geart Benedictus sil freed om twa oere it lêste nijs oer de formaasje bekend meitsje.

De PvdA besiket noch om 'oer links' in alternatyf kolleezjeprogramma te meitsjen. De partij praat hjiroer mei SP, ChristenUnie, GrienLinks en D66. CDA en PvdA ha tsientallen jierren tegearre mei-inoar yn it kolleezje sitten.

Oan dy tradysje komt liket no in ein te kommen. De PvdA wie de ôfrûne moanne de grutte ferliezer by de steateferkiezings.

Ferslachjouwer Onno Falkena docht op Twitter ferslach fan de presintaasje fan de ynformateur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)