Opposysje mist 'ambysje' yn koälysje-akkoart DS

16 maaie 2015 - 16:16
  • It nije Koälysje-akkoart

De Fryske PvdA mist 'fyzje' op de takomst fan Fryslân yn it freed presintearre koälysje-akkoart fan CDA, VVD, SP en FNP. Dat seit fraksjefoarsitter Remco van Maurik yn in earste reaksje. Neffens Van Maurik sil it twiveljen oan wichtige beliedsûnderdielen fan it foarige kolleezje Fryslân banen kostje.

Van Maurik fynt it gjin goeie saak dat it nije kolleezje sûnder de PvdA noch in kear in helberheidsûndersyk dwaan litte wol nei de mooglikheid fan in universiteit yn Fryslân. Van Maurik tinkt dat dizze fertraging Fryslân banen kostje sil.

"Het is voor Fryslân van belang dat we inzetten op de toekomst. Onderwijs over de gehele breedte en het aansluiten ervan op de arbeidsmarkt moeten centraal staan.” Op oare ûnderdielen fynt Van Maurik it koälysje-akkoart mar faach. "De financiële onderbouwing is slechts zes regels."

Njonken krityk sjocht de PvdA ek noch in pear ljochtpuntsjes. De PvdA is bliid dat it nije kolleezje de ambysjes foar de Kulturele Haadstêd trochsette wol. Ek fynt de PvdA it in goeie saak dat it nije kolleezje in soad omtinken jaan wol oan it midden- en lytsbedriuw as banemotor.

Ek oare opposysjepartijen as ChristenUnie, D66 en PVV fine dat it it nije kolleezje fan Deputearre Steaten oan ambysje ûntbrekt. Mar de measte partijen binne wol wiis mei de tasizzing fan it kolleezje dat der mear gearwurke wurde sil mei de opposysje. Kommende woansdei wurdt der yn Provinsjale Steaten oer it koälysjeakkoart fan VVD, CDA, FNP en SP debattearre.

PvdA mist ambitie en banen in coalitieakkoord

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)