PvdA: mear frijwilligerswurk

28 feb 2012 - 07:30

Wurkleazen moatte stimuleard wurde om frijwilligerswurk te dwaan. De fraksje fan de PvdA yn de gemeenteried fan Hearrenfean fynt dat sy aktyf frijwilligerswurk oanbean krije moatte. Wurkleazen bliuwe sa belutsen by it arbeidsproses en kinne wat betsjutte foar de mienskip, seit de partij.

Omdat der neffens de PvdA Hearrenfean hieltyd minder wurk is en hieltyd mear wurkleazen bykomme, moatte maatskiplike ynstânsjes as de brânwacht, plysje en skoallen mei fakatueres komme foar frijwilligerswurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)