PvdA: mear alkoholprevinsje

23 sep 2008 - 06:54
  • Prate oer alkoholprevinsje

Der moat mear dien wurde oan alkoholprevinsje om foar te kommen dat jongeren oan de drank reitsje. Dy konklúzje waard moandei lutsen op in jûn fan de PvdA oer alkoholgebrûk. Neist previnsje moat der ek mear kontrôle komme op de ferkeap fan alkohol.

Oan de jûn waard meidien troch PvdA-ers út de Twadde Keamer, provinsje en gemeenten. Ek in tal learlingen fan skoallemienskip Piter Jelles en minsken út de soarch wie by de jûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)