PvdA: Ljouwerter dei nei Grou

13 maaie 2013 - 16:02
  • Skûtsjesilen

Grou moat it wettersportsintrum fan de provinsje wurde, lykas yn it ferline. Dat stiet yn it ferkiezingsprogramma fan de PvdA. Grou heart yn 2014 by de gemeente Ljouwert.

Foarstel fan de PvdA is om de saneamde 'Ljouwerter Dei', dy't no by De Lemmer fersyld wurdt, tenei yn Grou te hâlden. De SKS-skûtsjes sile dy dei no noch op De Lemmer. De PvdA-leden moatte der noch oer gear, mar as dy ynstimme sil de PvdA mei de SKS om tafel. De kâns bestiet dat De Lemmer dan in sylwedstryd kwyt is en Grou der ien by krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)