PvdA Ljouwert: "Undersyk dwaan nei effekten basisynkommen"

26 jun 2015 - 17:44

De PvdA yn Ljouwert wol dat de gemeente ûndersyk docht nei de effekten fan it ynfieren fan it basisynkommen. De partij is min te sprekken oer hoe't it no giet mei de útkearings: in soad regels en kontrôle wat allegearre in soad jild kostet.

PAL Grienlinks pleitet al langer foar de ynfiering fan it basisynkommen. De partij wol dat de Twadde Keamer dêr ûndersyk nei docht. By it basisynkommen krije minsken gjin útkearing, mar krijt eltsenien -ek minksen mei in baan- in basisynkommen fan de oerheid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)