PvdA: Ljouwert moat stedsgids

24 jul 2009 - 15:24

De stêd Ljouwert moat sa fluch mooglik in eigen stedsgids foar toeristen krije. Dat fynt de Ljouwerter PvdA. Neffens de partij is it nuver dat der by de ferskate VVV's wol gidsen lizze fan Breda en Haarlim, mar net fan de grutste stêd fan Fryslân.

Yn de gids soe ûnder oare ynformaasje stean moatte oer musea, hoareka en hotels yn de stêd, mar ek oer de skiednis fan Ljouwert. Neffens de partij soe al dit neijier sa'n gids klear wêze kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)