PvdA Ljouwert: ''LEO moat Cambuur ek live útstjoere''

16 okt 2015 - 17:40

De Ljouwerter PvdA fynt dat de wedstriden fan Cambuur ek live te hearren wêze moatte by de lokale omrop LEO. Op it stuit dogge allinne NOS, FOX en Omrop Fryslân dêr ferslach fan.

It is net allinne yn it belang fan LEO dat dy omrop de wedstriden ek ferslaan mei, mar ek fan de Cambuursupporters, seit Hein de Haan fan de Ljouwerter PvdA. De fraksje hat hjir fragen oer steld oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)