PvdA kritysk oer teehûs

23 apr 2007 - 11:32

De gemeente Ljouwert hat in fergunning ferliend foar de festiging fan in teehûs oan de Sudergrêftswâl. De fraksje fan de PvdA yn de gemeenterie fynt it lykwols tige nuver dat dit gien is sûnder oerlis mei de omwenjenden fan de Sudergrêftswâl.

Earder waard oan deselde strjitte it teehûs Balans sluten, omdat it foar tefolle oerlêst soarge yn de buert. De PvdA-fraksje wol opheldering fan it kolleezje fan B en W.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)