PvdA-krityk op Qliner It Fean

23 feb 2012 - 18:56

De PvdA-fraksje fan de gemeente Hearrenfean wol dat it kolleezje fan b. en w. him ynset foar in bettere busferbining tusken It Fean en Grins. De Qliner dy't no op dit trajekt rydt kin faak net alle reizgers meinimme. Yn in Qliner mei men nammentlik net stean.

Bussjauffeurs hawwe reizgers oproppen om in klacht yn te tsjinjen en dat is massaal dien. Der meitsje alle jierren hast 300 hûndert tûzen minsken gebrûk fan de Qliner. Dat binne meast forenzen en studinten.

Troch de minne ferbining komme se faak te let foar kolleezje of wurk. De PvdA is bang dat minsken dêrtroch úteinlik beslute sille om te ferhúzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)