PvdA: "Kredytregeling MKB ynsette foar boeren mei mûzeskea"

30 jan 2015 - 12:30
  • Mûzeskea

De Partij van de Arbeid yn de Steaten wol de kredytregeling foar it midden- en lytsbedriuw brûke foar de mûzeskea yn de Súdwesthoeke. De regeling is troch de provinsje yn it libben roppen om tydlike finansieringsproblemen yn it MKB op te lossen. En dat past goed by de mûzepleach fynt de PvdA.

It idee is foaral bedoeld foar boeren dy't op koarte termyn yn de problemen komme en gjin kredyt by de bank krije kinne. De PvdA wol hjirmei foarkomme dat sûne bedriuwen troch de mûzepleach oer de kop geane.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)