PvdA-kongres yn Ljouwert

27 apr 2013 - 08:31
  • Crone iepenet PvdA-kongres
  • Hans Spekman op PvdA-kongres

De sosjaal demokraten fan de PvdA hâlde sneon yn Ljouwert it lanlik kongres yn it WTC hotel. Tal fan lanlike politike kopstikken binne dêrby oanwêzich.

Belangryk ûnderwerp is it strafber stellen fan yllegaliteit. De PvdA sit mei de VVD yn ien koälysje en dat smyt so no en dan fûle diskusjes op tusken de leden en de lieding fan de partij. De ferwachting is dat dat op it kongres ek it gefal wêze sil.

Boargemaster Crone fan Ljouwert iepene it kongres. Hy neamde Ljouwert de readste stêd, sjoen it persintaazje PvdA-stimmers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)