PvdA-kongres nei Ljouwert?

16 apr 2007 - 08:42
  • Moat Troelstra de PvdA oan nij selsbetrouwen helpe?

It earstkommende partijkongres fan de PvdA soe yn Ljouwert hâlden wurde moatte. De Ljouwerter PvdA-ôfdieling hat de partijfoarsitter útnoege om de gearkomste foar 2000 leden yn Ljouwert plakfine te litten. Op it kongres komme ek in soad kopstikken.

De Ljouwerter sosjaaldemokraten fine de Fryske haadstêd in goed plak foar it kongres omdat der in soad reade stimmers wenje. Ek is Ljouwert it berteplak fan Troelstra en Vondeling.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)