PvdA: kondoleânsje Anna Lindh

12 sep 2003 - 00:00

De PvdA-Fryslân hat har susterpartij yn Sweden kondolearre mei de moard op de minister fan Bûtenlânske Saken en partijgenoate Anna Lindh. De Sweedske politika ferstoar tongersdei nei't se de delstutsen waard yn in warenhûs yn Stockholm.

'De PvdA-Fryslân is tige oandien en lilk', skriuwt de partij. 'Op 'e nij wurdt in bysûnder minsk fermoarde, dy't har foar de folle hûndert persint ynsette foar in rjochtfeardige mienskip'

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)