PvdA komt mei punteplan

01 maaie 2010 - 12:40
  • PvdA-Fryslân fierde 1 maaie yn Earnewâld

Gemeenten moatte effisjinter en kreativer bestjoere om de gefolgen fan de krimp op te fangen. Dat betsjut ophâlde mei megalomane bouprojekten en mear jild nei ûnderwiis, iepenbier ferfier, frijwilligers en oare saken dy´t wichtich binne foar de leefberens op it plattelân en yn de doarpen.

Dat sei it PvdA-Twadde Keamerlid Lutz_Jacobi sneon op de 1 maaie byienkomst yn Earnewâld. It stiet yn it ´Punteplan lanlik gebiet en de doarpen´ dat se presintearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)