PvdA-keamerfragen oer oanrydtiden plysje yn Fryslân

05 mrt 2015 - 16:45
  • PvdA-keamerlid Lutz Jacobi

De PvdA yn de Twadde Keamer makket him soargen oer de feiligens yn Fryslân. De partij freget dêr opheldering oer oan minister Opstelten fan Feiligens en Justysje. De PvdA-keamerleden Jacobi en Marcouch wize der ûnder oare op dat de plysje op in soad plakken yn Fryslân net binnen in kertier nei in melding te plak is. De partij freget him ôf oft dat ek te krijen hat mei de sluting fan in tal plysjeburo's.

Ek moat de minister fertelle wat er docht om der foar te soargjen dat de plysje tenei wol op tiid te plak is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)