PvdA: ien baan yn nij Thialf

05 des 2012 - 12:41

It plan foar in nij Thialf, mei in topsportiisbaan, en in baan foar amateurs, hellet it net yn de Fryske polityk. Dêr liket it op, no't de steatekommisje der woansdei oer praat. It nije plan soe 106 miljoen euro kostje moatte, mar de finansjele ûnderbouwing is net goed. Dat hat in fertsjintwurdiger fan KPMG tiisdeitejûn sein yn in fertroulike gearkomste mei steateleden.

De PvdA wol mar ien baan yn it nije Thialf en wol 50 miljoen beskikber stelle. De partij hat der net folle fertrouwen yn dat ryk en merkpartijen bydrage oan de fernijbou.

Sûnder de PvdA is der gjin mearderheid yn de steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)