PvdA ideolooch Tromp stoarn

21 jun 2007 - 11:17

Yn syn wenplak Amsterdam is woandsdei kollumnist en PvdA-ideolooch Bart Tromp stoarn. Tromp waard berne yn Snits en stie bekend as ien fan de belangrykste kritisi fan de PvdA. Hy fûn fral dat de leden te min ynfloed hienen op de koers fan de partij.

Seis jier lyn besocht er foarsitter te wurden fan de partij, mar dat mislearre. Tromp wie heechlearaar oan de Universiteit fan Amsterdam. Bart Tromp is 62 jier wurden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)