PvdA: help by pealrot

02 apr 2010 - 16:39
  • PvdA wol stipe foar pealrotslachtoffers

De PvdA yn de Steaten wolle húseigners helpe dy't skea hawwe fan pealrot. De partij wol harren in liening mei in lege rinte jaan. Dêrneist soene se frijsteld wurde kinne fan it beteljen fan wetterskipslêsten en ûnreplikesaakbelesting.

Fjouwerhûndert húseigners yn feangreidegebieten yn Súdwest-Fryslân hawwe miljoenen euro's skea. Trochdat de grûnwetterstân ferlege is, ferrotsje de peallen ûnder de huzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)