PvdA: grutte winst ûnferwachte

13 sep 2012 - 03:25
  • Lutz Jacobi

PvdA-Twadde Keamerlid Lutz Jacobi hie de grutte winst fan har partij by de ferkiezings net ferwachte. Dat sei se woansdeitejûn op in ferkiezingsbyienkomst yn Ljouwert. Jacobi keas der bewust foar om net by de lanlike byienkomst fan har partij yn Amsterdam te wêzen, krekt omdat se har sa sterk makket foar de regio.

De PvdA is de twadde partij bleaun, achter de VVD, mar helle acht sitten winst. Njonken Lutz Jacobi fan Wergea komt ek Jacques Monasch fan Snits foar de PvdA werom yn de Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)