PvdA grutte winner op it Bilt

07 mrt 2006 - 23:09

De Partij van de Arbeid is de grutte winner wurden fan de ferkiezings op it Bilt. De PvdA waard mei 1540 stimmen de grutste partij. De sosjaaldemokraten ha no 5 sitten yn 'e ried fan it Bilt. It CDA is no de twadde partij op it Bilt mei 4 sitten. Werkgroep it Bilt hâldt har fjouwer sitten.

De VVD gie fan 18,4% nei 11,7% en moat sadwaande in sit ynleverje. De liberalen hâlde twa sitten oer. De opkomst op it Bilt wie 61,45%.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)