PvdA: gjin oanpassingen oerkaping stasjon Ljouwert

23 feb 2016 - 11:29
  • De oerkaping op it Ljouwerter stasjon

De PvdA-fraksje yn Ljouwert is tsjin oanpassingen fan de monumintale oerkaping fan it treinstasjon. Neffens de fraksje wol de gemeente ûndersykje oft de kape oanpast wurde moat, no't der oer in pear jier ekstra treinen ride sille tusken Ljouwert en Grins.

Earder al wiene de rykstsjinst foar de monumintesoarch en Hûs en Hiem tsjin oanpassingen fan de kape. De PvdA neamt it frjemd dat de gemeente it no dochs ûndersykje wol. Der binne neffens de fraksje twa oare farianten wêrby't de kape net oanpast hoecht te wurden. Dy wurde ek ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)