PvdA: gjin jild út Waadfûns brûke foar slûs Koarnwertersân

25 mrt 2016 - 13:43
  • Europa betellet net mei oan de ferbreding fan de slûzen

Der moat gjin jild út it Waadfûns helle wurde foar in nije slûs by Koarnwertersân, seit de PvdA yn de Fryske steaten. It Waadfûns is in kompensaasjeregeling foar gaswinning ûnder de Waadsee. Mei dat jild wurde projekten betelle dy't it Waadgebiet moaier meitsje, lykas de ûntwikkeling fan it plattelân of natoerprojekten.

In nije, bredere slûs yn de Ofslútdyk heart dêr net by. De slûs én de dyk binne fan it Ryk en soe sadwaande ek foar it grutste part troch it Ryk, of troch Europa, betelle wurde moatte, fynt de PvdA.

Auke de Vries fan de VVD-Twadde Keamerfraksje fynt dat de slûs wol meifinansierd wurde kin troch it Waadfûns, omdat de slûs soarget foar mear wurkgelegenheid by skipswerven oan de Iselmar. Minister Schultz fan Ynfrastruktuer is it dêr mei iens. In nije slûs fan 25 meter breed kostet 140 miljoen euro. Ek it bedriuwslibben wol dêr oan meibetelje. Fierders moat it jild opbrocht wurde troch de provinsjes, it Ryk en Europa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)