PvdA: fûllearje yn Frijheidswyk

03 sep 2003 - 00:00

De kâns is grut dat yn Ljouwert yn 'e takomst previntyf fûllearre wurde sil yn de Frijheidswyk. Der wurdt yn 'e wyk in soad yn drugs deald, benammen troch Antillianen, en dat smyt in soad oerlêst op.

Ofrûne wike waard der op oerdei troch kriminelen op inoar sketten. De kûgels fleagen it winkeljend publyk om de earen. De PvdA wol dêrom dat der fûllearre wurdt as dêr oanlieding ta is, b. en w. binne hjir ek foar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)