PvdA: frijwilligers fersekerje

15 apr 2005 - 11:40

Der moat in kollektive fersekering komme foar frijwilligers. Dat fynt de riedsfraksje fan de PvdA yn de gemeente Ljouwert. De PvdA seit dat guon frijwilligers gjin standertfersekering ha. De gemeente kin dat maklik kollektyf regelje, tinkt de partij.

It gebou fan it servicepunt foar frijwilligers yn Ljouwert foldocht net mear oan de easken. De PvdA wol fan it kolleezje witte wat it dwaan sil om de húsfesting te ferbetterjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)