PvdA-fragen tal wenten Ljouwert

03 aug 2003 - 00:00

De PvdA yn Ljouwert makket him soargen oer it lytse tal wenten dat der it ôfrûne jier bykommen is yn Ljouwert. Dat docht bliken út fragen fan de riedsfraksje fan de PvdA oan it kolleezje fan B&W.

De partij basearret him op sifers fan it sintraal buro foar statistyk, dy't sneon publisearre waarden. De PvdA wol fan it kolleezje wite, hoe't it kin dat de nijbouplannen fertraging oprinne. De partij wol ek dat der maatregels komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)