PvdA-fragen oer knooppunt

21 sep 2011 - 18:08

De PvdA hat woansdei keamerfragen steld oer it letter opleverjen fan it fekearsknooppunt De Jouwer. It opfieren fan de maksimumsnelheid soarget foar in jier fertraging. Sûnt koart mei op de sneldyk A6 by De Jouwer 130 kilometer yn de oere riden wurde. Dêrtroch moat opnij ûndersyk dien wurde nei it lûd, de útstjit fan útlaatgassen en de ferkearsprognoazes.

Dêrneist moat ek it ûntwerp fan de dyk opnij dien wurde. Dat kostet allinne al 4 miljoen euro mear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)