PvdA-fragen iepenbier ferfier

22 maaie 2005 - 12:50

De Twadde Keamerfraksje fan de PvdA hat minister Peijs fan Ferkear oproppen om te praten mei it provinsjebestjoer oer it iepenbier ferfier yn Fryslân. De PvdA makket him soargen oer it behâld fan it streekferfier yn Fryslân.

Op ûnrendabele busferbinings ride skielk taksybuskes wêrfoar in taslach fan twa euro betelle wurde moat. De PvdA fynt dat dat net kin. 2e Keamerlid Duyvendak fan GrienLinks hat hjir ek al fragen oer steld oan de minister.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)