PvdA fiert aksje foar ID-banen

28 nov 2003 - 00:00

Keamerleden fan de PvdA ha freed meiholpen mei it wurk fan minsken mei in ID-baan. Dat barde yn it ramt fan in aksje tsjin it driigjende ferdwinen fan de ID-banen.

As de nije bijstânswet yngiet, krije gemeentes gjin jild mear foar ID-banen. Omdat der noch in soad ûnwis is, is der ek in protte ûnrêst, mei ferskate aksjes as gefolch. Keamerlid Straub holp freed yn Drachten om de pasjinten fan Bertilla op te heljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)