PvdA ferrast oer nij kolleezje

01 sep 2010 - 11:02

De PvdA yn Ljouwerteradiel wist neat fan de ûnderhannelings fan CDA en FNP mei Gemeentebelangen oer in nij kolleezje. Dat seit fraksjefoarsitter Harm de Kroon. Hy is tiisdeitejûn pas op de hichte steld. CDA en FNP wolle net mear mei de PvdA fierder, omdat dy partij wol dat Ljouwerteradiel fusearret mei Ljouwert.

Earder wie ôfpraat dat PvdA dat ûndersykje mocht, mar CDA en FNP neame dat no 'negative aktiviteiten' yn de rjochting fan de Middelseegemeenten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)