PvdA ferliezer yn kolleezjes

06 apr 2010 - 15:45

De PvdA is no al de grutte ferliezer fan 'e kolleezjefoarming. Wylst yn guon gemeentes lykas Harns en Smellingerlân noch praat wurdt oer hokker partijen deryn komme, is dúdlik dat de PvdA op in soad plakken fan it plúsj ferdwynt. Oant no ta leveret de PvdA trettjin wethâlders yn. In oare ferliezer fan de ferkiezings, it CDA, krijt trije wethâlders minder.

De sitten gean foaral nei de VVD, de FNP en de lokale partijen. De VVD krijt der seis by, de FNP fjouwer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)