PvdA ferliest in tredde fan de sitten yn Provinsjale Steaten

19 mrt 2015 - 11:15
  • De ferdieling fan sitten Provinsjale Steaten 2015

De PvdA ferliest in tredde fan de sitten yn Provinsjale Steaten: fan 11 nei 7. De partij gong mei de steateferkiezings fan woansdei hurd ûnderút. It CDA is de grutte winner wurden. De partij krige hast 21 prosint fan de stimmen en giet fan 8 nei 9 sitten.

De VVD ferliest 1 (6 nei 5). De SP wint twa sitten en giet fan 3 nei 5. De FNP bliuwt op 4, lykas de PVV. De ChristenUnie bliuwt op 3 sitten en D66 giet fan 2 nei 3. GrienLinks ferliest 1 fan de 2 sitten. De Partij van de Dieren en 50Plus komme yn provinsjale steaten mei 1 sit.

Friese Koers komt net werom. LP en Feriene Lofts krigen net genoch stimmen om yn de steaten te kommen. It giet om foarriedige sifers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)