PvdA ferliest, mar bliuwt de grutste yn Hearrenfean

19 mrt 2015 - 01:23
  • Gemeente It Hearrenfean

De Partij van de Arbeid bliuwt de grutste partij fan de gemeente Hearrenfean, sa docht bliken út de útslach fan de steateferkiezings. Sûnder ferlies gie dat net, want de PvdA gie fan 29 nei 20,2%. It CDA wûn hjir wol, mar bleau stykjen op 14,4%. De VVD ferlear wat en gie fan 15 nei 13,2%.

In part fan it PvdA-ferlies is grif nei de SP gien, want dy partij gie fan 8 nei 11,6%. D66, FNP, PVV, ChristenUnie en de Partij van de Dieren hellen op It Hearrenfean allegearre in beskieden winst. GrienLinks gie ek hjir achterút: fan 5 nei 4,2%.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)